Harkemase Boys pakt perioadetitel yn Hendrik-Ido-Ambacht

15 apr 2017 - 17:15

Harkemase Boys hat sneon yn Hendrik-Ido-Ambacht de twadde perioadetitel yn de tredde difyzje pakt troch thúsklup ASWH op 2-2 te hâlden. De striid tusken nûmer 6 ASWH en nûmer 7 Harkemase Boys begûn goed foar de Boys. Nei 9 minuten kopte Heine Uuldriks de foarset fan Henny Bouius yn de goal fan ASWH en sette de Boys dêrmei op foarsprong. Mar yn de 26e minút makke Peter de Lange gelyk foar ASWH. In kopbal kwam tsjin de peal en gie der fia keeper Jansema wer út. Mar neffens de grinsrjochter hie de bal dochs oer de line west. Jansema krige noch giel omdat hy protestearre. Yn de 37e minút krige Harkemase Boys in penalty. Der waard in oertreding makke op Matthijs Hardijk yn it strafskopgebiet. Dat betsjutte de bal op de stip en Oebele Schokker, de Maradona fan de Fryske Wâlden, makke de 1-2. Dat wie ek de rêststân.

Nei rêst kaam ASWH goed út de klaaikeamer. Se krigen kânsen. De Boys hiene it dreech. En yn de 85ste minút waard it dan dochs 2-2. Dit wie ek de einstân. De konkurrint fan Harkemase Boys om de twadde perioade, Rijnsburgse Boys, ferlear mei 2-1 by Lisse. Dat betsjut dat it gelykspul genôch wie foar de perioadetitel. Harkemase Boys mei no meidwaan oan de neikompetysje en stride om promoasje nei de twadde difyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)