Omtinken foar paraswimmen by wetterpolobekerfinales

By de wetterpolobekerfinales op It Hearrenfean is sneon omtinken foar it paraswimmen. Alle jierren wurdt in goed doel yn it sintsje set en dat is dit jier de paraswimmerij. Dêr giet sawiesa in bedrach fan 400 euro hinne. Ek wurdt stipe jûn by it meitsjen fan publisiteit. Neffens Chris Jaasma fan stifting Waterpolo Fryslân is der foar paraswimmers keazen, omdat der te min omtinken is foar parasport, wylst dat hiel belangryk is.
De paraswimmers kinne it jild goed brûke foar nij materiaal en de hier fan swimbaden. Se traine no ien kear yn de twa wiken en de paraswimmers wolle eltse wike wol nei it swimbad.