Janneke (22) út Boarnburgum yn finale missferkiezing

15 apr 2017 - 15:38

Fryslân hat in finaliste yn in missferkiezing. Janneke Knol fan Boarnburgum is 22 jier en hat multiple sclerose. Se sit no by de lêste acht yn de missferkiezing foar froulju mei in beheining. De missferkiezing is in programma fan SBS en wurdt makke troch Lucille Werner. Janneke is útkeazen út 150 froulju en docht no mei om de titel Mis(s) 2017. Op 6 maaie is de finale fan de ferkiezing.

Janneke hat sûnt trije jier MS en hat geregeld útfal fan har skonken. Se moat sa út en troch al mei in rollator rinne. Troch har sykte is it dreech om har stúdzje te dwaan en har staazjerinnen by in logopedypraktyk hat se opjaan moatten. Dochs bliuwt Janneke posityf, se is in trochsetter. Doe't Lucille Werner in oprop die foar de ferkiezing skreau se har yn. Op 29 maart waard se ferrast troch it telefyzjeteam fan SBS en krige de gouden slúf mei dêryn har finaleplak.

Dit wykein waarden de finalisten bekend makke. Janneke hopet op 6 maaie hege eagen te goaien yn de finale. En minsken kinne in wike foar de finale al op har stimme fia de miss-pagina op de website fan SBS.

(Advertinsje)
(Advertinsje)