Jesper (30) út Hurdegaryp wrâldferneamd yn Georgië

De fakânsjereis nei Georgië fan Jesper Zwart út Hurdegaryp krige in bysûndere start. De Fries (30) kaam sûnder dat hy it yn 'e gaten hie as 6 miljoenste toerist it lân binnen. Hy wie yn Georgie om by in freondinne op besite te gean, mar krige in folslein oar programma. Op it fleanfjild fan Tbilisi waard hy feestlik ynhelle en rekke dêrnei yn it achtbaan fan gekke dingen. Sa moete hy de premier fan it lân en gie sels mei him út iten. Jesper is kontinu op 'en paad. Fan radio-ynterview nei fotoshoot. In wike lang krige hy op útnûging fan de autoriteiten de hichtepunten fan it lân te sjen yn de meast lúkse oarden. Wynpriuwe yn it 'Toscane fan Georgie', Kakheti en skië yn in krekt iepene skiresort wiene in pear saken.

It filmke dat fan Jesper makke is en de hertlike ûntfangst is yntusken al mear as 2 miljoen kear besjoen:
De 30-jierrige Fries is dêrtroch in bekend gesicht yn it lân wurden. Troch syn bekendheid waard hy útnûge om mei te dwaan oan de Georgyske 'Dancing with the stars'. Omdat Jesper noch op syk wie nei in nij doel yn syn libben hat hy de útdaging oannaam en docht no mei oan dat programma. Dêrtroch is hy noch bekender wurden en in echte celebrity yn Georgië.