"Rjocht om provinsje út te daagjen moat útwreide wurde"

15 apr 2017 - 14:21

It rjocht om de provinsje út te daagjen moat fierder útwreide wurde. Dat wol it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. In proef yn Baard is tige goed befallen. Dêr is kroechbaas Prins brêgewipper wurden. Prins tocht dat hy it folle better en goedkeaper dwaan koe as de provinsje. En dat wie no krekt ek it doel fan it projekt 'Right to Challenge'.

Deputearre Sander de Rouwe seit dat it kolleezje benammen op syk is nei minsken dy't yn de útfiering meihelpe wolle. Yn de natoer, of it iepenbier ferfier. Of miskien wol op oare terreinen, dêr't er no noch net oer neitocht hat, seit er. Minsken dy't in idee ha, kinne har by de provinsje melde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)