De Vries wol oer twa jier neist Verstappen ride yn Formule 1

15 apr 2017 - 12:10

Yn it skaad fan Max Verstappen makket de 22-jierrige Nyck de Vries fan Snits dit wykein syn debút yn de Formule 2, de raceklasse krekt ûnder de Formule 1. Dat meldt de NOS. De Vries stiet al in pear jier ûnder kontrakt by it Formule 1-team fan McLaren en hy is ûnderbrocht by it Italiaanske team Rapax. It moat syn springplanke wurde nei de keningsklasse fan de autosport. 

Verstappen debutearre op syn santjinde yn de Formule 1. De Vries siet op dy leeftiid ek al tsjin de F1 oan, mar hy fynt it gjin skânde dat it by him wat langer duorret. "Ik kan me voorstellen dat mensen vinden dat het bij mij een beetje lang duurt, maar dat zegt in mijn ogen weinig", sa seit De Vries yn it ynterview mei de NOS. 

"Iedereen bewandelt een ander pad en soms gebeuren er dingen waar je niets aan kunt doen. Ik had de pech dat het Formule Renault 3.5 kampioenschap kwam te vervallen. Dat gebeurde precies in het jaar dat ik het had kunnen winnen. Als alles mee had gezeten was ik vorig jaar al klaar geweest voor de Formule 1 en was ik nu misschien al reservecoureur geweest. Maar daar doe je niks aan. Ik ben nu heel blij met deze kans in de Formule 2. Die ga ik proberen te grijpen."

(advertinsje)