"Doch de flagge út op Fryske befrijingsdei"

15 apr 2017 - 11:52

It is sneon eksakt 72 jier lyn dat Fryslân befrijd waard fan de Dútske besetter. Alteast it grutste part, want yn it súdwesten wie noch in soad ferset en de eilannen waarden pas folle letter befrijd. It wiene de Kanadezen dy't Ljouwert rûn it middeisoere binnenriden. En dêrmei wie it grutste part fan it Dútske ferset brutsen. Dêrom is 15 april keazen ta Fryske befrijingsdei.

De Fryske flagge mei dus út, mar dat wurdt net in soad dien. Neffens konservator Hans Groeneweg fan it Fersetsmuseum yn Ljouwert komt dat trochdat der sa'n soad ferskillende befrijingsdata binne. Boppedat hat de lanlike befrijingsdei op 5 maaie dy funksje oernaam. Ek al wiene net alle plakken yn Fryslân al befrijd op 15 april, dochs is it neffens Groeneweg wichtich dat minsken hjoed de Fryske flagge út dogge. "Het zou wel mooi zijn als mensen dat doen. Het geeft wel aan dat je herinnert dat het toch een belangrijke dag is voor de provincie."

Groeneweg fynt dat minsken hielendal net wachtsje te hoegen op de lanlike betinking. "Ik vind het wel goed dat je op meerdere momenten de oorlog kunt herinneren en niet alleen op 4 mei met dodenherdenking en op 5 mei met nationale bevrijdingsdag. Maar dat je ook als provincie terugdenkt aan de tijd die de provincie heeft meegemaakt in de oorlog."

(Advertinsje)
(Advertinsje)