Ynbrekkerspear rydt yn op plysjeman op It Hearrenfean

15 apr 2017 - 10:14
Foto: ANP

In plysjeman koe freedtenacht op It Hearrenfean noch mar krekt oan de kant springe doe't twa minsken yn in auto mei opsetsin tsjin him oan besochten te riden. De plysjeman rûn yn syn frije tiid by in sloopwenning del. Dêr seach hy in frou yn in auto sitten en in man mei in tas kaam krekt de wenning út. De plysjeman wist dat der by dy wenning earder koper stellen wie. Hy liet syn plysjelegitimaasjebewiis sjen. De man sprong yn de auto en it twatal naaide út. Dêrby waard de plysjeman hast oanriden. Syn kollega's ha it stel letter oanholden.

Yn de auto fûnen se in tas mei ynbrekkersark. De 42-jierrige frou en de 35-jierrige man sitte noch fêst. Se komme beiden fan It Hearrenfean. Se wurde fertocht fan poging ta deaslach en poging ta stellerij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)