Plysjefrou ferfolge foar wylde achterfolging Fryske kweker

© Omrop Fryslân
De plysje fan Rotterdam is in yntern ûndersyk begûn nei in plysjefrou dy't yn 2015 in Fryske fruitbeammekweker achterfolge. Dat meldt it AD. De Fries hold him net oan de ferkearsregels. De plysjefrou seach dat en sette yn har privee-auto de achterfolging yn. Har bern sieten ek yn de auto. Har partner, dy't hielendal net by de plysje wurket, foardere in oare auto en ried der ek achteroan.
De beammekweker soe bot skrokken wêze doe't er ynienen achterfolge waard. Hy besocht de auto's ôf te skodzjen, seit syn advokaat. Dêrby soene alletrije de auto's by de sletten slachbomen fan in spoarweioergong del riden wêze. De beammekweker hie earder oanjefte dien tsjin de plysjefrou, mar dat waard seponearre troch it Iepenbier Ministearje. Nei in klachteporseduere bepaalde it Hôf yn Arnhem dat de frou dochs ferfolge wurde moat. De plysje woe net reagearje, omdat de saak noch ûnder de rjochter is.