Kollum: "Wa doart noch te bestjoeren?"

"It drama mei de ynstoarte dug-out yn Twizel krijt in sturtsje. Wie de feriening earder frijsprutsen fan ferfolging, it Gerjochtshôf hat yn heger berop besletten dat der dochs strafrjochtlik nei de saak sjoen wurde sil. Yn de krante stelde de sjoernalist dat dit nijs hurd binnenkomme sil by de klups en de provinsje. Ik tink dat dat nochal sêft útdrukt is. Neffens my fielt dit as in mokerslach, of miskien sels wol as in mes yn de rêch.
Wat der bard is by SC Twizel hat nimmen wollen. Litte we dat foarop stelle. De klup net, de bern net en de âlders net. De minsken dy’t op frijwillige basis drok dwaande binne om rûnom yn de moaiste provinsje fan Nederlân de fjilden, sealen en oare akkomodaasjes skjin en gebrûksklear te hâlden, fertsjinje stik foar stik in lintsje. As dy minsken der net wêze soenen, koene njoggen fan de tsien ferienings daliks wol ophâlde. Itselde jildt foar de minsken dy’t yn de hjoeddeistige tiid noch de moed opbringe kinne om op frijwillige basis yn in bestjoer sitting te nimmen. It kostet in soad tiid en hjoed-de-dei meie je wol hast rjochten studearre ha om de saak op in goede wize yn de stringen te hâlden.
Mei it beslút fan it Gerjochtshôf as útgongspunt begjinne guon fan dizze lokale hoeders fan de breedtesport miskien wolris nei te tinken by de kofje oan de keukentafel. Stel no, dat by de klup dêr’t ik al 25 jier frijwilliger bin, itselde barre soe as yn Twizel? Wol ik my dy ellende wol op de hals helje? Hoe sjocht it doarp nei my as foarsitter of bestjoerslid fan in klup dêr’t we as bestjoer fansels alles ter goeder trouw dien ha, mar no mei sa’n drama konfrontearre wurde? Kin ik wenjen bliuwe yn in doarp mei as buorlju de âlders fan in bern dy’t soks oerkaam is?
Us dochter sit op follybal. In jier lyn wie der grut ferlet fan bestjoersleden. Alle wurk kaam op in pear skouders telâne, sa as dat op in soad plakken ek jilde sil, en dat koe net langer. It blykte sa dreech te wêzen om nij bloed te finen, dat de feriening faai stien hat.
De útspraak fan it Gerjochtshôf om strafrjochtlik nei de saak Twizel te sjen, sil miskien ta in feroardieling liede. Dat is in bytsje foarút rinne op de saken, mar de mooglikheid bestiet. Ik bin bang dat in soad bestjoersleden yn Fryslân, en dêr bûten, dan persoanlik in ôfwaging dwaan sil en syn as har konklúzjes lûke. Troch de termyn frijwillich bestjoere net te ferlingjen te wollen. Of nee, dat is it ferkearde wurd. Eins moat ik sizze: doarre. Want dat is it biedwurd: Wa doart aanst noch frijwillich yn in lokaal bestjoer sitting te nimmen?"
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.