SC Cambuur is 'aardich ûnderweis' nei winst op Telstar

15 apr 2017 - 08:29

Topskoarer fan SC Cambuur Sander van de Streek is bliid mei de 5-1 oerwinning freedtejûn op Telstar. Dochs sit dy iene bal dy't foar Telstar yn de twadde helte it doel fan Harm Zeinstra yngong, him net lekker. "In de tweede helft waren wij vele malen sterker en dan baal je als team wel dat je er nog eentje tegen krijgt. Je speelt toch om de nul te houden en om Harm te helpen in de goal", seit Van de Streek. Ek trainer Sipke Hulshoff baalde derfan. "It is wol even in momintsje om yn de neibespreking werom te heljen."

Van de Streek iepene al nei acht minuten de skoare foar de Ljouwerters en dêrnei duorre it lang foardat in kâns benut waard. Pas yn de 45e minút sette Tissoudali de 2-0 op it boerd. "We creëerden wel veel kansen, maar helaas scoorden we die dan niet", sa seit Van de Streek. "Tarik had er al een aantal gemist en daar baalde hij zelf ook verschrikkelijk van, maar daarna schiet hij wel die 2-0 goed binnen."

Cambuur wol graach de fjirde perioade pakke, dêryn stean se no boppe-oan. Oer it hiele seizoen sjoen, stean de Ljouwerters op it tredde plak mei 62 punten út 34 wedstriden, achter VVV en Jong Ajax. "Op doelsaldo stean wy yn de perioade behoarlik boppe De Graafschap", seit Hulshoff. "Yn de totaalstân stiet Jong Ajax noch foar ús, mar wy sille der alles oan dwaan om dy yn te heljen. Mocht dat net gebeure dan wolle wy yn elts gefal fiktyf twadde wurde achter VVV. Dus wy binne aardich ûnderweis."

(Advertinsje)
(Advertinsje)