Galafoarstelling SC Cambuur tsjin Telstar

14 apr 2017 - 21:54

Sportklup Cambuur makke freedtejûn yn it eigen Cambuurstadion gjin fouten tsjin de nûmer 15 yn de Jupiler League. Tsjin Telstar út Velsen-Zuid waard it 5-1.

Cambuur begûn de wedstriid goed, en al yn de tredde minút krigen de Ljouwerters in goeie kâns om de 1-0 tsjin de touwen te sjitten. It skot fan Tissoudali gie lykwols njonken de goal. Dochs hoegden de fans yn Ljouwert net lang op in goal te wachtsjen. Yn de achtste minút koe Van de Streek in prachtige stekbal fan Monteiro yn de goal fan Telstar wurkje. Fuort dêrnei krige Van Deelen in grutte kâns om de 2-0 te meitsjen, mar syn skot gie krekt foar de goal del.

Tissoudali

Telstar liet pas yn de tolfde minút foar it earst fan him hearre. Fan de râne fan it 16-metergebiet bedarre in skot fan Knol in meter njonken de goal fan Cambuur. Dêrnei wiene der lytse kânsen foar beide ploegen. Pas yn de 45ste minút, krekt foar de rêst, kaam Tissoudali allinnich op de keeper fan Telstar ôf en skeat er de 2-0 binnen.

Penalty

Yn de twadde helte waard Cambuur fûler en krigen de Ljouwerters ek goeie kânsen. De 3-0 kaam lykwols net troch in goeie oanfal, mar troch in handsbal yn de 16 dy't foar Cambuur in penalty opsmiet. In kadootsje foar penaltyspesjalist Bakker, dy't dan ek net miste.

Cambuur dominant

Cambuur hie hjirnei de wedstriid folslein yn de hân. Sa no en dan wie der sels sprake fan in galafoarstelling. Monteiro like yn de 71e minút de 4-0 binnen te tikjen, mar de middenfjilder stie bûtenspul. In tige minne wedstriid foar Telstar waard noch slimmer doe't yn de 79e minút Ajnane per brankâr ôffierd wurde moast. Fuort dêrnei makke Houtkoop de 4-0.

De tsien man fan Telstar rêden yn de slotminuten de eare troch de skoare op 4-1 te bringen. Krekt foar it slútsinjaal yn de ekstra tiid sette Martijn Barto de einstân fan 5-1 op it skoareboerd.

Troch de winst klimt Cambuur nei it tredde plak yn de Jupiler League en stean se no boppe-oan yn de striid om de fjirde perioade. Koprinner VVV Venlo is troch de winst op RKC Waalwijk promovearre nei de Earedifyzje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)