Wurkstraf fan 120 oeren easke foar oantaasten fan famke

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 22-jierrige man út Harns is freed in wurkstraf fan 120 oeren easke foar it oantaasten fan in minderjierrich famke. De man wie groepslieder by de wetterskouting Caspar di Robles yn Harns. It famke hie it by skoutingkamp kâld krigen en wie moarns by de Harnzer yn de sliepsek krûpt. De man sei yn de rjochtbank dat er hjirfan yn de war rekke. Hy hat it famke dêrnei ûnseedlik betaaste. Dit fertelde it slachtoffer oan har mem doe't dy har wer ophelle fan it kamp.
De fertochte is dêrnei fuortendalik skorst troch de skouting. De âlden fûnen dit earst wol genôch, mar de offisier fan justysje wie it hjir net mei iens. Hy liet de âlden witte dat as sy gjin oanjefte dwaan soene, hysels oergean soe ta ferfolging.
Grutte ympakt
Uteinlik die bliken dat it barren in protte ympakt hân hat op sawol it famke as har âlden. De heit fan it famke lies yn de rjochtbank in slachtofferferklearring foar wêryn't er oanjoech dat de ympakt grut west hat. It famke hat help krigen fan jeugdhulpferlening.
Behanneling fertochte
De fertochte hat ek help socht, en is dêrby behannele by de GGZ. Dochs koe de offisier fan justysje net oerstjûge wurde dat de man better wie. Hy easke dêrom dat de fertochte noch in oare behanneling krijt, en dat er ûnder tafersjoch fan de reklassearring komt.
Ek easke it Iepenbier Ministearje dat de fertochte it slachtoffer 2.500 euro smertejild betellet. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.