Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys winne beker

14 apr 2017 - 20:39
Foto: Omrop Fryslân, Roelof de Vries

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn de beker wûn. Yn de finale yn Amsterdam waard Nieuw Roden mei 3-2 ferslein. Drachtster Boys hie yn de iepeningsfaze it bêste fan it spul en Jessie Prijs brocht de iepeningstreffer op it skoareboerd foar de Drachtsters.

Nieuw Roden makke nei it skoft de lykmakker, mar Prijs sette de Drachtsters nei in skitterende aksje wer op foarsprong: 2-1. In minút letter stie it al 3-1, troch Lotte Donath. Drachten joech dêrnei de foarsprong net mear út hannen, al skoarde Nieuw Roden noch wol de 3-2.

It is de earste kear dat Drachtster Boys de beker wint. Se stiene al in oantal kear yn de finale, mar koene oant no ta net winne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)