It Koartling yn Bûtenpost krijt jild foar grutte renovaasje

14 apr 2017 - 19:57
It Koartling yn Bûtenpost - Foto: Google Street View

Sosjaal kultureel sintrum It Koartling yn Bûtenpost krijt jild fan it VSBfûns en it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân. It giet yn totaal om 35.000 euro foar in grutte renovaasje. Troch it yntinsive gebrûk fan it sintrum komme de beheinings fan it gebou hieltyd mear nei foaren ta.

De 'organyske groei' fan it gebou hat neffens it bestjoer nammentlik net altyd derfoar soarge dat der foar de bêste oplossing keazen is. Sa is der in grut tekoart oan berchromte, binne de de húskes ta oan in grutte opknapbeurt en is der gjin kantoarromte.

It Koartling wurdt brûkt troch in grut tal organisaasjes. It kulturele sintrum sil sels 60.000 euro ynlizze foar de opknapbeurt. Dêrnjonken is der hoop dat der ek noch jild fan it Oranje Fûns komt en wurdt der in aksje opset om partikuliere stipe út it doarp op gong te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)