Fergees sinnepanielen foar hast 2.000 hierders yn Harns

Hast 2.000 hierders yn Harns krije fergees sinnepanielen op it dak. Kommende woansdei begjint ynstallaasjebedriuw Mensonides mei de pleatsing op wenten fan De Bouwvereniging yn Harns, Mullum en Winaam. Opmerklik is dat it de hierders neat kostet; de hier giet net omheech en it foardiel fan legere enerzjylêsten is foar de hierders sels.
In soad hierders makken freed gebrûk fan de mooglikheid om op in ynformaasjegearkomste harren fragen te stellen. Dy wiene benammen praktysk fan aard, want eins is elk wie wiis mei dit projekt.
Foar De Bouwvereniging is pleatsing fan de panielen in wichtige stap om de wenningen op termyn nei enerzjylabel A te krijen en de hierlêsten leech te hâlden.