Schaars yn de basis; St. Juste en Van Aken ûnwis foar Ajax

14 apr 2017 - 19:00

Stijn Schaars spilet nei alle gedachten snein yn de basis yn it duel tsjin Ajax. De middenfjilder foel de lêste twa wiken yn, mar traint sa goed as folslein wer mei. It is wol ûnwis oft Jeremiah St. Juste en Joost van Aken spylje kinne. De twa sintrale ferdigeners trainden freed alle twa net mei. Oft St. Juste (knibbel) en Van Aken (ankel) meidwaan kinne, wurdt sneon of sels snein pas bepaald. Jurgen Streppel wie freed troch privee-omstannichheden net by de training.

Ajax moat it dwaan sûnder âld-Hearrenfeanspiler Daley Sinkgraven. Sinkgraven rekke blesearre oan syn knibbel yn de wedstriid fan tongersdei tsjin Schalke 04. Syn plak wurdt wierskeinlik ynnaam torch Matthijs de Ligt. Kasper Dolberg is noch altyd in fraachteken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)