Twillingbruorren moatte útelkoar om misdieden foar te kommen

14 apr 2017 - 17:23
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

It Iepenbier Ministearje hat freed twa jier sel en in jier ûnder betingst easke tsjin in man út Drachten. De man wurdt tegearre mei syn twillingbroer fertocht fan in gewelddiedige oerfal op in wenning yn De Pein. De twa manlju hawwe tajûn dat se de oerfal pleegd hawwe. Se sochten in partij weed en waarden ferrast troch de bewenster fan it hûs. It ferhaal fan it slachtoffer is folslein oars as dy fan de twillingbroers. De manlju sizze dat se kwalik geweld brûkt hawwe, wylst de bewenster seit da se bedrige waard en hurd oanpakt waard. De frou is nei de oerfal nei it sikehûs brocht en hat in posttraumatysk stressteurnis. De bruorren hawwe neat fûn.

It is net foar it earst dat de fertochten yn oanrekking komme mei de plysje. Yn in eardere saak hiene de Drachtster bruorren in sjauffeur yn in bestelwein klemriden en mishannele. Dat wie yn july ferline jier. In pear wike dêrfoar fernielden se húsried en diggelguod by in rûzje mei harren mem. De reklassearring wol in kontaktferbod om't de bruorren inoar negatyf beynfloedzje. De rjochter docht oer twa wike útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)