Frou smyt 11 fytsen yn Snitser grêft: plysje siket eigeners

14 apr 2017 - 17:12
De plysje siket de eigeners fan de fytsen - Foto: Politie Sneek e.o.

De plysje fan Snits hat freedtemiddei in 21-jierrige frou út de stêd oanhâlden omdat se fytsen yn de grêft smiet. Se sit fêst. De plysje hat fanwege it ûnfersyk ferlet fan oanjeften en hat dêrom foto's op Facebook set fan de fytsen dêr't it om giet, mei elkoar binne it der alve. De plysje freget minsken dy't mooglik syn of har fyts herkenne oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
fytsen grêft Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)