De Fryske Marren set alle grêven op de foto

14 apr 2017 - 17:02
Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De gemeente De Fryske Marren sil de kommende moannen foto's meitsje fan alle grêven op de fjirtjin gemeentlike begraafplakken. Dit wurdt dien om't de administraasje no noch foar in grut part op papier is. De gemeente wol dit graach digitalisearje en goed oersichtlik meitsje.

Yn april wurdt úteinset mei it meitsjen fan de foto's. Hoe lang't de wurksumheden duorje is noch net bekend en hinget foar in grut part ôf fan it waar. De ferwachting is dat der yn alle gefallen oant de ein fan 2017 foto's makke wurde op de begraafplakken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)