Golden Earring iepenet Griene Stjer Open Air festival

Golden Earring © ANP
Golden Earring sil it nije iepenloft festival Griene Stjer Open Air iepenje. De organisaasje fan it iepenloftkonsert is tige wiis mei de tasizzing fan de Nederlânske band. It konsert sil plakfine op 9 juny oan it wetter yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert. De dagen dêrnei wurdt it terrein brûkt foar it Promised Land Festival.
Njonken Golden Earring wurdt der ek noch in support act boekt. Wa't dat wurdt is noch net dúdlik.