Sân Fryske mûnen stilset om feilichheidsredenen

14 apr 2017 - 16:26
Mûne by Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sân Fryske mûnen binne troch de Rykstsjinst foar Kultureel Erfguod stilset. Der bestiet nammentlik gefaar dat de wjukken fan de mûnen lossjitte. De sân troffen mûnen hawwe allegearre saneamde 'deelbare molenroeden'. Ut ûndersyk docht bliken dat der wat mis is mei de boutferbinings fan dizze roeden, wêrtroch't net dúdlik is oft de wjukken wol goed fêstsitten bliuwe.

It giet om De Olifant yn Burdaard, Windlust yn Boerum, De Puollen yn Dronryp, De Rietvink yn Nijetrine, De Steenhuistermolen yn Stiens, de Beabuorter Mole yn Tsjerkwert en de Wijnzermolen yn Wyns.

Oplossing

De Rykstsjinst docht ûndersyk en is oan it neitinken oer in oplossing foar it probleem. Op dit stuit lizze der twa foarstellen om de problemen te ferhelpen. De earste is troch de risikofolle roeden te ferfangen troch in âld model. De oare opsje is it reparearjen fan de roeden.

Der wurdt troch de Rykstsjinst hurd wurke om noch foar de Nasjonale Mûnedagen op 13 en 14 maaie in oplossing te hawwen foar de troffen mûnen. Mei de eigeners is ôfpraat dat de mûnen oant dy tiid stil komme te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)