Plysje siket dieders fernielings sintrum De Jouwer

14 apr 2017 - 16:04

De plysje siket nei de minsken dy't yn de nacht fan tongersdei op freed oan it fernielen west ha yn it sintrum fan De Jouwer. Der sneuvele in rút fan de Rabobank op De Mersken en der binne rutewiskers fan auto's ôfbrutsen.

De plysje hat sân oanjeften krigen en hat wol in idee yn watfoar hoeke de dieders socht wurde moatte. Minsken dy't wat sjoen ha of dy't sels slachtoffer wurden binne fan fernielerij wurdt frege oft se kontakt opnimme wolle mei de plysje.

Trefwurden: 
De Jouwer plysje fernielings
(advertinsje)
(advertinsje)