Slachtemaraton 2018: twa dagen en 84 kilometer

14 apr 2017 - 15:50

De ekstra ynlaske Slachtemaraton fan 2018 wurdt net oer ien mar oer twa dagen ferrûn. De ôfstân is dan 2 kear 42 kilometer en der kinne maksimaal 10.000 dielnimmers meidwaan. Nei de earste dei kinne de minsken oernachtsje yn saneamde sliepdoarpen dêr't festivals hâlden wurde. It giet om Easterein, Wommels, Kûbaard, Tritsum en Tsjom. De bedoeling is dat dizze doarpen keppele wurde oan keunstners en sjen litte wat der yn de doarpsmienskip libbet yn in jûnsprogramma. 

Yn stee fan by de doarpen del, wurdt de rûte no oars rûn want dy giet troch de doarpen hinne. Dêrom binne der ek twa dagen nedich. De start sil wêze yn Raerd, de finish yn Easterbierrum.

Trefwurden: 
Slachte 2018 Slachtemaraton
(advertinsje)