Nûmer Elske DeWall op ien yn muzyklist iTunes

14 apr 2017 - 14:22
Elske DeWall - Foto: EO, Jacqueline de Haas

Sjongeres Elske DeWall stiet op it stuit op nûmer ien yn iTunes, de webwinkel dêr't minsken muzyk downloade kinne. It nûmer 'Heb het leven lief' wurdt op it stuit faker download as 'The shape of you' fan Ed Sheeran. Ek de oare nûmers dy't Elske DeWall tongersdei song yn The Passion steane yn de iTunes top hûndert.

Se is ek trending topic op Google. Dat betsjut dat in hiel soad minsken nei ynformaasje oer har sykje op Google.

(Advertinsje)
(Advertinsje)