Mûntsen op Skiermûntseach sykje oar plak foar it kleaster

14 apr 2017 - 13:50

De mûntsen op Skiermûntseach geane op syk nei in oar plak op it eilân foar harren kleaster. Se wolle de besteande plannen net trochsette omdat dêr in soad diskusje oer ûntstie ûnder de eilânbewenners. Abt Alberic seit dat yn it KRO-tv-programma Kruispunt, dat peaskesnein útstjoerd wurdt.

De fjouwer mûntsen kamen ein 2015 nei Skiermûntseach nei't se harren abdij Sion yn Diepenveen ferlitte moasten. Se makken plannen foar de nijbou fan in kleaster op it eilân. De bewenners kinne har lykwols net fine yn dy plannen. Dêrom sykje se no in oar plak op it eilân.

De mûntsen sizze yn Kruispunt dat se har noch hieltyd wolkom en thús fiele op it eilân. ,,Ik heb er nog steeds vertrouwen in. Ik geef ons 95 procent kans om hier weer een plekje te vinden'', seit broeder Jelke. De útstjoering fan Kruispunt is snein te sjen op NPO2, om 22.15 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)