FIDEO: Kroechbaas fan Baard bliuwt ek brêgewipper

Nei in slagge proef mei kroechbaas Jaap Prins fan Baard ek yn it nije farseizoen de provinsjale brêge yn it doarp betsjinje. Ferline jier hat de provinsje de brêgebetsjinning foar trije moanne oerdroegen oan Prins. Dat hat fan beide kanten goed foldien. De proef is ûnderdiel fan it projekt wêryn't minsken provinsjale taken oernimme.
De provinsje sil dit projekt fierder útwreidzje. Der komme proeven op it mêd fan natuer en iepenbier ferfier.