Ljouwerter plysje pakt winkeldief en man mei mes op

14 apr 2017 - 13:24
Foto: ANP

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Ljouwert in frou fan 26 jier oppakt. By in winkel oan de Nijstêd hie se klean stellen. Se draafde nei bûten, mar in befeiliger krige har te pakken. Dy hat de frou oerdroegen oan de plysje. By it fûillearjen fûn de plysje drugs en pepperspray by de fertochte. Der wurdt proses-ferbaal opmakke tsjin de frou.

In 42-jierrige Ljouwerter is dyselde middei oanholden op de Stasjonswei yn syn wenplak. De man hie in mes by him. De fertochte woe net meiwurkje mei de plysje en is oppakt. It mes is yn beslach naam. De man krijt in boete.

In man fan 36 jier út Ljouwert is freedtemoarn oanholden yn syn wenplak omdat er him ferfelend gedroech. De man hie dronken en wie yn de war. Ek nei't er in warskôging krigen hie fan de plysje, bleau er ferfelend. Dêrop is er oppakt. Hy hat in boete krigen foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.

Trefwurden: 
winkeldief drugs pepperspray
(Advertinsje)
(Advertinsje)