Fergees ferfier foar toeristen mei Fryslâncard

Toeristen dy't in nacht yn it Fryske marregebiet of yn it Drents-Friese Wold sliepe, hoege in dei lang net te beteljen foar de bus of de trein. Hotels, bêd en brochjes en campings diele fan snein ôf de saneamde Fryslâncard út. Dermei kinne toeristen mei it iepenbier ferfier fergees reizgje. It is in idee fan de provinsje. Dy hopet dat mear toeristen hjirtroch it paad nei Fryslân fine en it reizgjen mei it iepenbier ferfier stypje.
It giet earst noch om in eksperimint. As it slagget, dan meie yn 2018 alle toeristen dy't in nacht yn Fryslân bliuwe fergees op de trein of bus stappe.