Red een Legkip freget omtinken foar lishinnen

14 apr 2017 - 12:01

De organisaasje Red een Legkip fan Twizelerheide freget mei de peaskedagen omtinken foar it minne libben dat lishinnen neffens de organisaasje hawwe. Plomfeehâlders kinne harren hinnen dêr ynleverje en krije in bedrach, dat se oars krigen hienen foar de slacht fan de hinnen.

Red een Legkip wol op dy wize de hinnen in twadde en better libben jaan. Neffens Red Een Legkip sels giet it mar om lytse oantallen, mar eltse hin dy't rêden wurdt is der ien, fynt de organisaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)