Minút stilte foar slachtoffers fan geweld yn de soarch

14 apr 2017 - 11:34

Der wurdt yn soarchynstellings yn it hiele lân om 12 oere in minút stilte hâlden om sa stil te stean by it ferstjerren fan kollega's dy't yn it wurk oanfallen binne troch in kliïnt. De oprop is in inisjatyf fan fakbûn NU'91. Konkrete oanlieding wie de dea fan in frou fan 27 yn Hellevoetsluis, sy waard ferline wike delstutsen troch in kliïnt.

It probleem spilet yn it hiele lân, soarchmeiwurkers sjogge dat net allinnich it ferbale geweld tanimt, mar dat kliïnten ek hieltyd faker gewelddiediger wurde. Mei dizze minút stilte wolle se dêr mear oandacht foar freegje. It fakbûn sjocht dat der by soarchynstellings wol in soad ynset is foar de kwaliteit fan de soarch, mar dat dêrtroch de soarch foar de meiwurkers wolris wat oan de krappe ein komt.

Neffens it fakbûn is it belangryk dat der mear jlld nei de soarch giet en dat moat dan net allinnich ynsetten wurde op mear hannen oan it bêd, mar ek op de kwaliteit fan de soarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)