Elske DeWall: ''Dit ferjit ik nea fan myn libben wer''

14 apr 2017 - 08:54

''It wie sa'n ongelooflike ûnderfining, dit ferjit ik nea fan myn libben wer,'' sa fertelle sjongeres Elske DeWall tongersdeitejûn nei ôfrin fan The Passion. It populêre peaskespektakel waard opfierd yn de binnenstêd fan Ljouwert, foar it each fan 16.000 besikers en mear as trije miljoen sjoggers op telefyzje. ''It wie sa fet'', neffens Elske DeWall. ''Der wienen safolle mominten dy't my bybliuwe sille. Bygelyks it momint dat ik 'In nije dei song, hjir yn Fryslân, dat is dochs wol hiel bysûnder.''

''Heftich''

Elske DeWall spile de rol fan Maria yn The Passion. It hiele evenemint hat bot yndruk op har makke. ''Benammen ek doe't it krús binnenkaam. Ast no yn God leaust of net, dat wie dochs wol in hiel stimmich momint. It hie wat eindis, it wie hiel definityf. Dat fûn ik dochs wol heftich.''

''Dankbaar gevoel''

Ek Dwight Dissels, dy't de rol fan Jezus spile, is tefreden oer hoe't it tongersdeitejûn ferrûn is. ''Ik sta hier met een dankbaar gevoel'', sa seit er. ''Het is goed gegaan en we hebben met zijn allen iets moois neergezet. Ook Leeuwarden was heel erg mooi. Ik ben erg onder de indruk.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)