Kollum: ''Boereferstân''

14 apr 2017 - 08:28

''Ik fyn it leuk en knap as in sjoernalist of kollumnist my oan it tinken set. Prikelet. Mikrobiolooch en wittenskipssjoernalist Rosanne Hertzberger die dat dizze wike. Sy skriuwt útdaagjende kollums foar de NRC.

Hertzberger hat no in boek skreaun oer E-nûmers. Dat binne stofkes yn it iten om it moaier, lekkerder of langer hâldber te meitsjen. E-nûmers binne gjin fergif, wylst in protte minsken dat wol tinke, sei se dizze wike yn ferskillende ynterviews.

De ferhalen oer e-nûmers waarden hieltyd wylder en dat wol se ûnderút helje. Guon minsken tinke bygelyks dat je er blinetermûntstekking fan krije, of adhd. Allegear kolder, seit se. In E-nûmer as 330 is bygelyks gewoan sitroensoer. Neat om bang fan te wurden. Leuk, wer wat leart tocht ik.

Dêrnei stuts Hertzberger de loftrompet oer de magnetron en kant en klear iten. Okee, tocht ik. Sterker, minsken dy't fan farsk, lokaal, ûnbewurke iten hâlde, neamde se derby minachtsjend 'foodgekkies' en 'kruidenvrouwtjes'. No fielde ik my oansprutsen.

Hertzberger seit dat se echt gjin hin, pompoen en jirpel klearmeitsjen sil foar har lytse soantsje as in potsje Olvarit ek kin. Want dat is like goed en it besparret har tiid wêryn't se de krante lêze kin.

Dêr pakte se my by de sturt. Want as magnetroniten neffens in wittenskipper like sûn is, wêrom stean ik dan nei in lange dei myn bêst te dwaan yn de keuken foar in farsk útbalansearret miel, wylst de pjut healwiizjend oan myn rokken hinget? Gelokkich ha ik myn boereferstân noch. En myn smaakpapillen trouwens ek.

Hertzberger goaide noch wat mear oalje op it fjoer troch te sizzen dat selsmakke iten de frouljusemansipaasje tsjinhâldt, omdat de frou úteinlik dochs it meast achter de pannen stiet. Set it kant en klear miel lekker yn de magnetron, woe se mar sizze.

Se einige har ferhaal mei te sizzen dat farsk iten fergriemerij yn de hân wurket en dat, as we alles lokaal en biologysk produsearre soenen, der net genôch iten is foar de wrâld.

Tsjonge. No bin ik net allinnich in foodgekky, mar hâld ik ek noch de emansipaasje tsjin en wurkje ik mei oan honger en fergriemerij. It ergeret my dat we it op it gebiet fan iten nea goed dwaan kinne. En dat we no nei alle superfoodhypes en fitbodie-gekte ynienen de magnetron as nije ferlosser sjen moatte wis.

No, lit de nijste iters-goeroe mar rabje. Gjin potsjes en magnetron-iten foar my. Der sit sûker yn. Dan bin ik mei myn eigen potsje farske grientesiederij dochs better ôf.

En wat de fergriemerij oangiet: ik keapje graach lokale, ûnbewurke, farske griente fan de grienteboer. Dizze griente leit gjin einleaze kilometers per skip, frachtauto of fleantúch ôf en ik yt it gelyk op. Wat kin dêr no mis mei wêze?

Kant en klear smakket trouwens ek nergens nei. En as er ien ding is wêr't ik fan genietsje yn it libben, is it wol lekker iten. Ik ha wol ris sokke lekkere dingen preaun, dat ik tocht dat ik yn de himel belâne wie. It kin de sintugen echt prikelje. Krekt as keunst. Of muzyk.

Dizze leafde jou ik myn bern ek graach mei. It skynt dat babys tûzenen smaakpapillen ha. Lear je se yn it earste oardel jier ferskillende smaken oan, dan meie se letter in hiele protte. En dus fyts ik mei leafde mei in tas fol raapstâlen, brokkoly, winterpostelein en andyvje werom nei hûs fan de biologyske grienteboer út Ommen dy't tongersdei op de merke stiet. Kin my it skele dat ik dan in kruidenvrouwtje bin. Ik lit my lekker neat mear oanprate.

Ik ha mannich grutte leafdes en freonen bliid makke mei in, mei leafde makke, pantsje iten. Iten is mear as in folsel. Leafde giet troch de mage. Echt wol. Eat that Hertzberger. ''

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)