Goed trije miljoen minsken sjogge The Passion op telefyzje

14 apr 2017 - 08:08
Foto: ANP

Goed trije miljoen minsken hawwe tongersdeitejûn sjoen nei de live-útstjoering fan The Passion op NPO1. Dat binne der krekt wat minder as ferline jier, doe't 3,2 miljoen minsken foar de telefyzje sieten. It peaskeferhaal waard útsjoerd troch de omroppen EO en KRO-NCRV. Sa'n 16.000 minsken wienen op lokaasje oanwêzich yn Ljouwert by de sânde edysje fan The Passion. It evenemint is tongersdei sûnder problemen ferrûn.

Direkteur Arjan Lock fan de EO wie nei ôfrin tankber foar de grutte belangstelling foar The Passion. "Het is opnieuw gelukt om miljoenen mensen in aanraking te brengen met het bijzondere verhaal van Jezus en daar ben ik ontzettend dankbaar voor. Bij honderden kerken, buurthuizen en cafés gingen de deuren gisteravond open en werd gezamenlijk naar de uitzending gekeken. Meer dan ooit hebben we gemerkt dat het verhaal van Jezus mensen in het hart raakt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)