Brân yn tún fan wenning yn Snits, persoan ferwûne

© FOJOB Media
Yn Snits is freedtemoarn in persoan ferwûne rekke nei in brân yn de tún fan in wenning oan de Pripperstrjitte. By de brânwacht kaam in melding binnen dat it gean soe om in gasflesse dy't mooglik yn 'e brân stie. Dêrop kaam de brânwacht yn sân haasten nei de brân.
De brânwacht hat it brantsje yn de tún fan de wenning útmakke. De bewenner is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net bekend hoe't it krekt mei him is.