Zuidersma: ''Dit bliuwt my noch hiel lang by''

''Ik bin hiel grutsk en absolút net teloarsteld.'' Dat seit Aafke Zuidersma fan Twizel nei't se tongersdeitejûn twadde waard op Liet Ynternasjonaal 2017, it sjongfestival fan minderheidstalen. Yn it Noarske Kautokeino krige allinne de Samyske Ella Marie Hætta Isaksen mear punten fan de sjuery. Zuidersma: ''Natuerlik hie ik hiel graach winne wold, mar dat is net sa en dat is ek net slim. It wie in geweldich moai aventoer.''
Aafke brocht op it poadium it liet 'Minsk fan wearde'. ''Ik hie dochs wat mear senuwen as by de generale repetysjes justermiddei. Ik hie it noch wol ûnder kontrôle hear, mar de iene kear giet it better as de oare kear. De yntinsje fan it nûmer is wol oerkaam en dêr bin ik bliid mei.''
''Bliuwt my noch lang by''
Mei har twadde plak op Liet Ynternasjonaal hat Aafke Zuidersma harsels ek wer op 'e kaart set. Stikem hopet se ynkoarten op mear ynternasjonale aventoeren, mar se fynt de gesellichheid ek belangryk. ''Ik haw in prachtige tiid hân yn Kautokeino, en it wie hiel gesellich mei it team. Dit bliuwt my noch hiel lang by.''