Fuotbalklups stride om wedstriid tsjin SC Hearrenfean

13 apr 2017 - 23:03

Sa'n 30 fuotbalklups út de twadde oant en mei de fyfde klasse stride yn juny om in oefenwedstriid tsjin de profs fan SC Hearrenfean. Sportferiening Udiros fan Nijhoarne organisearret in 7-tsjin-7 toernoai.

De winner fan it toernoai wurdt gasthear fan de profklup yn de tarieding op it nije seizoen. SC Hearrenfean siket mear bining mei de regio en dêr is dit toernoai poer geskikt foar.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)