Fiergeande feilichheidsmaatregels by The Passion

13 apr 2017 - 22:49

De gemeente Ljouwert hat tongersdeitejûn by The Passion fiergeande maatregels naam om de kâns op in oanslach sa lyts mooglik te hâlden. Sa waarden bygelyks de brêgen yn it sintrum fan Ljouwert iepen setten. Ek waarden rûnom it Saailan saneamde roadblocks opsteld - betonnen sokkels - en op ferskate plakken stienen frachtweinen en gemeenteweinen opsteld. "We wilden hiermee het singaal afgeven dat Leeuwarden alles doet om de veiligheid te waarborgen," sa sei boargemaster Ferd Crone nei ôfrin fan The Passion.

Neffens de boargemaster hawwe tongersdei folle mear ynwenners as gewoanwei nei de plysje belle foar in fertochte sitewaasje. "Daar kunnen we uit opmaken dat de burgers in Leeuwarden zich betrokken voelden met de veiligheidssituatie in de stad," sa sei Crone. Om tagong te krijen nei It Saailân waarden minsken mei in tas frege om de ynhâld sjen te litten.

The Passion is úteinlik sûnder problemen ferrûn. Boargemaster Ferd Crone spruts nei ôfrin fan in ûntspannen sfear yn de stêd. "We zijn blij dat The Passion zo goed is verlopen. Er hing de hele dag een ontspannen sfeer in de stad. Voor Fryslân was de vertolking van 'In nije dei' door Elske DeWall één van de hoogtepunten. Dat was echt kippenvel! De hele cast heeft trouwens een prachtige vertolking van The Passion gegeven. Dit heeft binnen en buiten Fryslân de gemeenschap met elkaar verbonden."

Sa'n tûzen minsken rûnen achter it krús oan op de rûte dy't gie fia de Emmakade en Eastergrêftswâl fia de Blokhúspoarte en it Fries Museum nei it Wilhelminaplein. Oan de rûte stiene sa'n 4.000 minsken en op it plein stiene sa'n 12.000 minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)