Haadrol foar Ljouwert yn The Passion; Lof foar Elske

13 apr 2017 - 22:27

The Passion yn Ljouwert is dien. De stêd wie yn prachtige, moai útljochte bylden te sjen, mei ûnder oare de Blokhúspoarte, de tún fan de Waddenacademie, de muzykkoepel yn de Prinsetún en fansels de Aldehou. Op in stuit stie Roel van Velzen (as Judas) sels op it dak fan it Fries Museum. Benammen oer it optreden fan Elske DeWall wienen minsken op sosjale media entûsjast en rekke. En ek oer it brûken fan it Frysk.

It Wilhelminaplein stie grôtfôl mei minsken, opfallend wie dat der in soad jonge minsken wienen. Op it Aldehoustertsjerkhôf, dêr't it twadde skerm stie om de útstjoering te folgjen, stienen net folle minsken.

Yn it foar wie der in protte te dwaan oer de feiligens fan it evenemint. Benammen nei de oanslaggen yn London en Stockholm wiene der soargen. Sa waarden frachtweinen en betonblokken op strategyske plakken delset om de feiligens te garandearjen. Foar safier bekend, ha der gjin ûngeregeldheden west.

Trefwurden: 
The Passion Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)