Bysûndere kowerassen bûten fosfaatregeling

13 apr 2017 - 21:34
Lakenvelder kij yn Makkingea - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Boeren dy't bysûndere kowerassen yn stân hâlde wolle, komme net ûnder it fosfaatplan te fallen. Dat hat steatssekretaris Van Dam fan Ekonomyske Saken tongersdei witte litten. De regeling jildt no allinnich foar melkfeebedriuwen. Van Dam reagearre dêrmei op fragen fan Twadde Keamerlid Geurts.

Boeren dy't buorkje mei bysûndere kowerassen lykas de Grinzer Blierkop en de Lakenvelder soene yn grutte problemen komme troch de regeling. De oanpassing fan de regeling jildt foar bisten dy't nei 1 oktober 2016 berne binne.

De steatssekretaris hopet dat dêrmei it hâlden fan bysûndere kowerassen stimulearre wurde. Betingst foar de frijstelling dat de bysûndere rassen yn in register komme, sadat se yn de takomst ûntsjoen wurde kinne as der besmetlike sykten útbrekke. Der sil besocht wurde om foar it op oarder bringe fan it registraasjesysteem ryksjild frij te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)