Aafke Zuidersma twad op Liet Ynternasjonaal

13 apr 2017 - 21:09

Aafke Zuidersma hat Liet Ynternasjonaal tongersdeitejûn krekt net wûn. De Samyske Ella Marie Hætta Isaksen wûn it sjongfestival fan minderheidstalen yn it Noarske Kautokeino. It wie spannend by de puntetelling, want de de Friezinne skoarde ek in soad punten en einige úteinlik as twadde. Se hie 39 punten en de winner 44 punten. Ella Marie wûn ek de Artist Award, in priis dy't de artysten elkoar ûnder elkoar takenne.

Yn de finale fan Liet Ynternasjonaal hat Aafke Zuidersma it hiel goed dien. As sande moast de sjongende kapster út Twizel op it poadium. Se wie wol senuwachtich, mar brocht har liet 'Minsk fan wearde’ fol oertsjûging oer by it publyk en de sjuery.

(Advertinsje)
(Advertinsje)