The Passion is los: plein stiet grôtfol mei minsken

13 apr 2017 - 20:47

Remco Veldhuis, de ferteller, hat tongersdei om 20.30 oere it begjin fan The Passion iepene mei in wolkom yn it Frysk. "It is trije dagen foar Peaske, wolkom by de 2017-edysje." In hiel fol Wilhelminaplein reagearre dêrop mei lûd joecheigerop. “We zijn hier in het prachtige Leeuwarden, bekend van Mata Hari, de scheve toren.” En doe mocht elk roppe wat hy of sy moai fynt oan Ljouwert.

En doe begûn it spektakel. Jezus kaam op it Ljouwerter skûtsje de Fryske haadstêd binnen. Ek it wite krús is út it Cambuursatadion wei begûn oan de tocht. Elske DeWall song 'In nije dei' fan De Kast.

Trefwurden: 
The Passion Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)