Foppe de Haan en Hans Vonk nei jeugd Ajax Cape Town

13 apr 2017 - 20:25
Foppe de Haan - Foto: AWfoto

Foppe de Haan en Hans Vonk sille tegearre oan de slach by de jeugdoplieding fan fuotbalklup fan Ajax Cape Town yn Súd-Afrika. Hans Vonk wurdt haad fan de jeugdoplieding, Foppe de Haan krijt in mear oerkoepeljende rol. Se wiene al earder tegearre aktyf foar Ajax Cape Town. No is it de bedoeling om it nivo fan de jeugdoplieding te ferbetterjen, om it hiele nivo omheech te krijen.

Foppe de Haan is op dit stuit aktyf as assistint-bûnscoach fan it Nederlânske frouljusalvetal. Yn augustus spylje dy it Europeesk Kampioenskip yn ús lân. Dêrnei fljocht er nei Afrika, dêr't hy tusken 2009 en 2011 coach wie fan Ajax Cape Town.

Boost

Neffens Hans Vonk is de rol fan Foppe de Haan belangryk: "Zijn kennis is cruciaal. Het feit dat hij zich gaat bemoeien met de zaken hier, is een echte boost voor Ajax Cape Town. Hij zal instructies geven aan jeugdtrainers, maar hij gaat zich ook bezighouden met de gemeenschappen. We willen ons niet alleen focussen op de club, maar ook onze relatie met andere clubs in Cape Town verbeteren."

By Ajax Cape Town is Stanley Menzo op dit stuit einferantwurdlik foar it earste alvetal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)