Gearwurking: ferpleechkundestudinten earder yn praktyk

13 apr 2017 - 20:20

Studinten ferpleechkunde fan mbo en hbo hoege tenei net mear trije of fjouwer jier yn de skoalbanken te switten foardat se oan in sikehûsbêd komme te stean. NHL Hogeschool en it Friesland College hawwe in gearwurkingsferbân opset mei it MCL sikehûs yn Ljouwert. De gearwurking moat in praktykrûte opsmite wêrby't learlingen yn it sikehûs les krije, en fuortendalik yn de praktyk oan it wurk kinne mei de lesstof.

Health Campus

De learlingen sille yn dizze praktykrûte 70 prosint fan har tiid op de wurkflier yn it sikehûs trochbringe, 20 prosint mei begelieding. En mar 10 prosint fan harren tiid yn de klasse mei teory dwaande wêze. De gearwurking tusken de skoallen en it sikehûs is de earste stap nei in nij te foarmjen Health Campus. Dit moat in grut gearwurkingsplatfoarm wurde foar soarchynstellings, ûnderwiisynstellings, bedriuwen en fersekeringsynstânsjes. Om sadwaande de soarch yn Fryslân op in heger plan te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)