Studinten meitsje boek mei tips foar nijkommers

Bakje kofje © ANP
Ien koekje by de kofje of in folslein miel? Foar nijkommers yn ús lân kin dat in lestige kwestje wêze. Mar ek fragen lykas: is gersmeanen op snein raar en hoe't de meterstannen trochjûn wurde moatte, kinne foar swierrichheden soargje. Studinten fan de NHL en Stenden hawwe dêrfoar in praktykhânboek makke. Asylsikers krije dêrmei praktyske oanwizings om makliker yn ús lân te yntegearjen. It earste boek wurdt oerlange oan âld-minister Jan Pronk.
Petearen
De studinten kamen der yn petearen mei flechtlingen achter dat dêr in soad praktyske fragen libje. Ferskillende opliedings hawwe meidien oan it boekje. Sa wurdt der oandacht jûn oan noarmen en wearden, relaasjes, ferkear en praktyske saken by dokters- en toskedoktersôfspraken. Yn 2016 wûn de projektgroep fan it boek de publyksprizen fan de NHL-Awards en de Ljouwerter Krante.
Boekje
It boekje mei de namme 'Een boekje open over Nederlanders' is ûntwikkele neffens it X-honours-programma. Dat is in spesjaal programma foar studinten dýt mear út harren stúdzjeperioade helje wolle. Se wurkje oan útdaagjende projekten en sykje gearwurking mei bedriuwen dy't sykje nei ynnovative en kreative oplossings.