Soad animo foar fotowedstriid Under my skin

13 apr 2017 - 19:52
Foto: Omrop Fryslân

De tredde edysje fan de fotowedstriid Keunstkrite is populêr by amateurfotografen út Noardeast-Fryslân en it Grinzer Westerkwartier. De foto's moatte foldwaan oan it tema 'Under my skin', ûnder myn hûd. Der binne al tsientallen foto's ynstjoerd, ynstjoere kin noch oant en mei 5 maaie.

De foto's wurde beoardiele troch profesjonele fotografen, sy meitsje in seleksje dy't yn de Keunstwike fan Achtkarspelen toand wurde oan it publyk. Dy meie de úteinlike winner oanwize.

(Advertinsje)
(Advertinsje)