Jumbo-supermerken mooglik leech troch stakings

13 apr 2017 - 19:47
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De kâns bestiet dat de skappen fan de Jumbo-supermerken de kommende tiid leechreitsje, no't de rjochter tastimming jûn hat foar stakings yn de distribúsjesintra. Der wiene ek al stiptheidsaksjes by de distribúsjesintra. Jumbo hie in koart pleit oanspand tsjin de fakbûnen om de stakings fan tafel te krijen, mar dêr gie de rjochter dus net yn mei.

De fakbûnen fine dat de aksjes terjochte binne, omdat de ûnderhannelings mei Jumbo stikkenrûn wiene. De fakbûnen easkje in leansferheging fan 2,5 prosint foar de 3.500 meiwurkers. De supermerkketen kaam as reaksje dizze wike mei in leansferheging fan 1,5 prosint.

Jumbo brûkt as argumint dat der earder ôfspraken mei de fakbûnen makke wiene om wat te dwaan oan it ferskil tusken de relatyf hege leanen by Jumbo yn fergelyk ta oare bedriuwen yn de brânzje. De rjochter gie mei yn it oardiel fan de fakbûnen dat dy ôfspraken net binend wiene.

De advokaat fan Jumbo tinkt dat klanten it de kommende dagen de gefolgen fan de aksjes al fernimme sille. De skea fan de stiptheidsaksjes wie neffens it bedriuw oant tongersdei al in heal miljoen euro. As de aksjes trochgean, kin dat bedrach oprinne oant wol twa miljoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)