Feilichheid The Passion: tagongsdiken ôfset en tassekontrôle

13 apr 2017 - 18:25

De drokte nimt al mear ta foar The Passion fan tongersdeitejûn. In protte tagongsdiken nei it Wilhelminaplein yn Ljouwert binne mei grutte swarte skermen ôfset en minsken wurde fia mar in pear yngongen op it plein talitten. Besikers moatte dêr har tassen kontrolearje litte troch de befeiliging, foardat se it plein op meie.

Parkeargaraazje it Saailân is net mear berikber foar it autoferkear, al kinne auto's dy't dêr al parkeard steane wol gewoan fuortkomme.

Ek de brêgen yn de binnenstêd binne iepen sadat der net ien mear it sintrum yn komme kin.

Trefwurden: 
The Passion Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)