Pronkstikken oare musea mei VR-bril sjen Museum Heerenveen

13 apr 2017 - 17:19

Besikers fan Museum Heerenveen kinne ek de pronkstikken fan in hiel soad oare musea besjen. Dat kin mei in virtual reality-bril. Dêrmei sjochst de museumstikken as bist sels yn it museum fan dyn eigen kar.

It firtuele museum is it inisjatyf fan de fjouwerhûndert musea. Se ha mei elkoar in oerkoepeljende tentoanstelling opset, omdat it ûnmooglik is om alle objekten fan alle musea sjen te litten troch de spesjale bril. It is foar it earst yn de wrâld dat safolle musea mei elkoar gearwurkje.

(advertinsje)
(advertinsje)