Bern yn Feanwâlden betinke slachtoffers Twadde Wrâldoarloch

13 apr 2017 - 17:12

Yn Feanwâlden binne tongersdeitemoarn de doarpsbewenners betocht dy't yn de Twadde Wrâldoarloch slachtoffer wurden binne fan it oarlochsgeweld. It is dizze dagen 72 jier ferlyn dat Fryslân befrijd waard fan de Dútsers. De groepen sân fan de basisskoallen De Frissel en de dokter Theun de Vriesskoalle fan Feanwâlden leinen tongersedei in krâns by it oarlochsmonumint yn it doarp.

Njonken de Twadde Wrâldoarloch wurdt op skoalle ek stilstien by de situaasje yn de wrâld fan no en hoe bliid oft se binne yn Nederlân te wenjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)